Elske en Selma winne de wedstryd foar de welpen famkes
En sa flot at se los woenen, sa flot keatsten se ek! Om 10.45 wie de hiele earste omloop út en wienen der al ferskillenden fan de twadde omloop los. Ek dit gie flot. It krachsferskil is grut by disse famkes en de opslach is hiel bepalend. Der wie oer de hiele wedstryd sjoen mar ien pot dy’t yn 5–5 eindige. In soad boppeslagen binne yn disse kategorie noch net, mar dy dy’t der wol binne wurde mei grut applaus untfongen! Der die ek in ‘plaatselijk favoriet’ mei, Rikst Mulder! Op har earste wedstryd op de KNKB mocht se gelyk trije kear keatse. De earste kear waard ferlern en de twadde waard wun, wertroch de heale finale fan de ferliezersrûne berikt waard. Hjir wie it oare partoer krekt te sterk. De finale fan de winnersrûne wie net wat je derfan hoopten. Mei 5–0 en 6–0 wie it krachtsferskil dúdlik te grut. Op en út wie partoer 4 it sterkst, wertroch de prachtige kransen nei Feisum en Menaam gienen. Útslach: 1e: Else van Straten (Feinsum) en Selma van der Waal (Menaam) 2e: Ilse Kooistra (Raerd) en Rianne Poelstra (Winsum) 3e: Inge Blanke (Bolsward) en Jeanette Kramer (Dronryp) 1e ferliezersrûne: Marije Tineke Bokma (Stiens) en Elbrich Kooistra (Loenga) 2e ferliezersrûne: Monique Postma (Winsum) en Ellen de Jong (Workum) In koarte keatsdei mei knap waar, enthousiaste en talentfolle famkes en foaral in soad wille! Graach oant oar jier famkes!
Geplaatst op 22 May 2016